Wolkom op it webstee fan de Jongfryske Mienskip
Klik earne op dizze moaie flagge om troch te gean
Dêr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"
Om dizze side yn al har gloarje te sjen wurd Firefox as Chrome oanrieden!

De Feriening

De Jongfryske Mienskip (JFM) is oprjochte op 20 novimber 1915 troch Douwe Kalma. De feriening set him yn foar mear kulturele autonomy en ynter-Fryske ferbining. De Jongfryske Mienskip is as feriening finansjeel selsstannich en dus net ôfhinklik fan subsydzjes. Op it stuit hat de feriening sa'n 70 leden.

Om ynfolling te jaan oan ús karbrief út 2012, hat de Jongfryske Mienskip yn 2016 in aktiviteitemodel makke. It wurk fan de Jongfryske Mienskip beslacht op dit stuit trije poaten:

  1. Kulturele autonomy: Projekten en aksjes op it mêd fan de Fryske taal en (ynter-Fryske) identiteit.
  2. Explore the North: Minimaal ien kear yn it jier in útwiksel mei in organisaasje út ien fan de oare Fryslannen.
  3. Nij Frisia media: Fjouwer kear yn it jier wurdt it tydskrift Nij Frisia útbrocht. Dêrneist wurde der filmkes makke oer de Jongfryske Mienskip en de Fryske saak.

Resint ferline

Op it mêd fan kulturele autonomy

  • De ynfiering fan de Fryske wetternammen. Benammen ús lid Bertus Postma moatte wy dêrfoar tige tank sizze.
  • Fasilitearring fan de Ferklearring fan Ofstân fan de Nederlânske nasjonaliteit yn ruil foar de Fryske nasjonaliteit. De JFM hat dêrfoar ek in folder makke mei stappeplan.
  • Fryske gemeentenamme De Fryske Marren: Mei aksjes hawwe leden fan de Jongfryske Mienskip (mei ûnder oaren Bernlef) har tige ynsetten foar de Frysktalige gemeentenamme 'De Fryske Marren' (sûnt july 2015 ôf in feit).
  • Stipe foar nasjonaal (ynter-Frysk) swurdfjochtersteam: It ynter-Fryske swurdfjochterstiim wurdt jierliks finansjeel stipe troch de Jongfryske Mienskip.

Op it mêd fan explore the north

  • 2014: Solidariteitskuier fan Akkrum nei Aldeboarn om solidariteit sjen te litten mei de slachtoffers fan de ierdskoddingen yn Grinslân. Der wie ek in fertsjintwurdiging út Grinslân by.
  • 2015: Yn it ramt fan it jubileumjier (100 jier Jongfryske Mienskip) in boddertocht organisearre om de bodders út de begjinjierren fan de Jongfryske Mienskip te betinken.
  • 2016: Mei de politike beweging út East-Fryslân ‘Die Friesen’ in aksje dien op Boarkum om sjen te litten dat de Nederlânsk-Dútske steatsgrins gjin grins tusken Friezen is.
  • 2017: Mei it ‘ Westfries Genootschap’ yn Froanen in monumint ûntbleate om sjen te litten dat wy as Friezen nei 720 jier ús noch hieltyd ferbûn fiele en dat wy noch hieltiten as folk besteane.

Op it mêd fan Nij Frisia media

  • Om ús jubileumjier 2015 ôf te sluten hawwe wy yn 2016 in spesjaal jubileumnûmer útbrocht mei sa’n 150 siden (ûnderwilens útferkocht).

Fisy & missy

De Friezen binne in selsstannich en lykberjochtige folk mei in eigen taal, kultuer, identiteit, ferline en takomst. Dy fisy is de grûnslach fan ús wurk en fan ús perspektiven. Dy perspektiven kinne realiteit wurde as de Friezen net as in bline term ûnder in frjemde paraplu bongelje. Wy wolle net dat de Fryske lannen har deljouwe ûnder it kulturele ienheidstinken fan Nederlân en Dútslân. Wy wolle as Friezen meidwaan yn Europa en yn 'e wrâld.

Wy wolle as Friezen de erkenning hawwe dy't wy fertsjinje mei ús ieuwenâlde skiednis, ús eigen taal en kultuer en ús hjoeddeistige identiteit. It Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden en de dielsteatwet fan Sleeswyk-Holstein erkenne de Friezen yn Nederlân en Dútslân as nasjonale minderheid. Wy wolle dy erkenning sichtber meitsje en de ynhâld fan sokke ferdraggen ymplemintearje.

It is frjemd dat de Fryske lannen polityk gjin bining mei elkoar hawwe. Mei it Waad en de Fryske eilannen, mar ek troch de seediken en it gea fan de fêstewâl foarmet Fryslân tusken de stêd Alkmaar en de rivier de Vidå yn Súd-Jutlân in geografyske ienheid. De ekonomy foarmet ek in ienheid as wy sjogge nei de relatyf grutte toeristyske en agraryske sektor en de betsjutting fan it middelgrutte en lytse bedriuw yn de Fryske lannen. Gearwurking tusken de Fryske lannen is om geografyske, ekonomyske, skiedkundige en kulturele redenen net allinnich winsklik mar ek nedich. Wy wolle it folk en de polityk yn de Fryske lannen dan ek bewust meitsje fan dat algemiene belang.

It Frysk is yn de Fryske lannen net de iennichste taal, mar wol de oarspronklike lânseigen taal. Net allinnich as dekoraasje (geveltsjesfrysk) mar krekt foar kommunikaasje soe de taal dan brûkt wurde moatte. It Frysk is in moderne rike taal mei terminology op technysk, juridysk en medysk mêd. Der is gjin argumint om it Frysk net te brûken as earste taal yn de Fryske lannen.

Us eksimpels foar Fryslân
As wy sjogge nei oare gebieten lykas Wales en Quebec en Katalonië, dan sjogge wy dat autonomy en it brûken fan de eigen taal as earste taal gjin problemen jouwe. Frachtweinbestjoerders fine har paad, de ekonomy brûst en de bern hawwe gjin swierrichheden mei it learen fan de mearderheidstaal. Sokke gebieten jouwe ús ynspiraasje en wat ús oanbelanget lizze dêr de foarbylden foar Fryslân.

Logo

It logo fan de Jongfryske Mienskip bestiet út twa midsiuwske Fryske striders dy't beide oer de tekst "Jongfryske Mienskip" weitsje. De twa Fryske striders komme fan in skildering út de tsjerke fan Westerwydwert. It doarpke yn de Grinzer Ommelannen leit sa'n 3 km noardeastlik fan Bedum.

De midsiuwske skildering (sjoch foto fan orizjineel hjirûnder) is makke yn de 13e iuw, de tiid fan de Fryske frijheid. De twa Fryske striders binne foar ús in symboal fan Frysk & frij. Dat is wat wy no ek wêze wolle as feriening

Navigaasje